Skylge
It grutte wite strân
de rôljende weagen mei it sâlte skom
dat is wat ik net ferjitte kin
hjirnei kom ik altyd werom
de deade fûgels lizze stil
oan de floedlyn fan myn bestean
dêr't ik altyd de brâning hearre sil
dat lûd dat ik net kin wjerstean
dan flústert in stim yn 'e wyn
In wyte kobbe saait omheech
It gelok fan sa lang lyn
ynienen liket it libben te dreech
de rôljende weagen mei it sâlte skom
dat is wat ik net ferjitte kin
hjirnei kom ik altyd werom
de deade fûgels lizze stil
oan de floedlyn fan myn bestean
dêr't ik altyd de brâning hearre sil
dat lûd dat ik net kin wjerstean
dan flústert in stim yn 'e wyn
In wyte kobbe saait omheech
It gelok fan sa lang lyn
ynienen liket it libben te dreech
0 Comments:
Post a Comment
<< Home